Eigen sammeling : Collectors Help and Support

Help › Eigen sammeling

It fêstlizzen fan jo eigen samling online is ien fan de grutste foardielen fan de site. By it trochsjen fan de objekten men kin se om ien fan de folgjende listen tafoege:

  • Samling - Stikken dy't jo op it stuit yn de sammeling ha.
  • Ruilje - Stikken dy't jo op it stuit ha en oanbiede oan oaren.
  • Winsk - Stikken dy't jo fan oaren ha wolle.

As jo jins listen op oarder ha, kinne jo maklik samlers fine dêr't jo mei ruilje kinne. Sjoch ris nij ús unike Bêste oerienkomsten en Automatyske ferliking tapassings en wy hoopje dat jo der in soan oan ha meie!

Tink der om! It is FERBEAN om artikels oan te krúsen, dy't jo net echt yn jins samling of ruillisten ha. As men fan dizze rigel ôfwykt kin dat fan gefolgen ha dat jins akkount sûnder warskôging ôfsletten wurd.

Tink der om! Allinich samlers dy't har samling de lêste 90 dagen oanpast ha wurde yn de warbere samlers list oanjûn.

Hoe dog ik it?

Wês der wis fan dat jo ynlogd binne op de site. Skriuw dy yn, it is fergees. As jo in inkelde objekt blêdside of in objekten list blêdside besjugge (foarbyld: munten blêdside of postsegels blêdside ) , dit is bestjoeringsark mei de titels 'Samling', ' Ruilje' en 'Winsk'. Brûk de seleksjefekken om objekten by of fan jo listen te dwaan. Mei it oanfinken fan it tal en de kondysje fan it stik trochmiddel fan klikken of it oerhinneheljen fan de kursor oer de diamant en stjer, kinne jo út it menu kieze. Jo kinne ek de tekstfekken brûke foar it oanjaan fan publike opmerkings. Sa giet dat.

Eigen sammeling

Allekearen as de listen oanpast wurde, kinne se maklik brûkt wurde. Sjoch: Myn listen.

Jo ferskine dan op de Samlers ynventaris listen. Jo kinne der foar kiese om jinssels ferside te hâlden "Privacyopsjes" beskikber op de Myn Account bledside. TIP: Jo kinne brûke "Jou troch oan freonen" (sels as jo net registreare binne) sadat hje jo list sjen kinne.

Keaplist / Ferkeaplist

Dizze listen binne beskikber mei Premium Lidmaatskip. Oars as by Eigen listen oanpasse, sammelstikken dy't oan dizze list tafoege binne ferskine op de Samlers ynventaris part fan eltse ôfsûnderlike sammelstik objekt blêdside.

As men sammelstikken oan dizze listen tafoeget kin men it bêste in tapaslike priis yn de publike notearfek. We riede oan om de wrâldwide gebrûklike wearden te brûken en har 3 letterkoade te brûken yn stee fan har symboalen. Foarbyld: USD is altiten de Amearikaanske dollar, mar it $ teken hat ferskate betsjuttings yn ferskate lânnen.

Tink der om! Prizen dy't jo oanjouwe moatte klopje. Jo kinne bysûnderheden foar it hânnelje op jins eigen blêdside tafoege by Myn Account. Klachten dy't der komme oer net klopjende prizen (bygelyks: jo biede oan om in objekt foar in bepaalde priis te ferkeapjen, mar freegje letter in hegere priis) wurde ûndersocht. Tink der om! As it bliken dogt dat jo net oprjocht binne dan kin jins Colnect akkount ôfsletten wurde sûnder dat jo rjocht ha om jild werom te krijen. TIP: Colnect hat it merkplak dy't it foar Colnect leden mooglik makket om sammelstikken ta ferkeap oan te bieden en om stikken fan oaren te keapjen. Jo wurde fan herte útnoege om it te brûken foar de ferkean en oankeap fan sammelstikken op Colnect.

Negearje list

Dizze list wurd besjoen as in filter dat standert tafoege wurd en as stik op dizze list oankrast wurd, wurd by it trochrinnen fan de katalogus dit stik net meinaam. Yn it filterramt oan de boppenkant kinne jo altiten sjen "Net negeare" as dit bard en jo kinne it útsette as jo beslúten ha dat jo dizze stikken meinimme wolle.

Opsetten fan list

As men de sammelstikken blêdside list besjocht (foarbyld), it kin net handich wêse om mei tefolle oanpasfekken te wurkjen. Jo kinne der foar kiezen om guon oanpasfekken net sjen te litten. Sjoch: Myn listen. Om in oanpasramt te ferberjen, set de "Bewurkber" mooglikens tsjinoer de listnamme út. Net-sammelstikken wurde ferwidere fan jo listen as men de oanpasfekken net sjen lit. Jo kinne ek eltse list foar oare leden sichtber meitsje. Om dit te dwaan set de "Eigen" mooglikens tsjinoer de listnamme út.

Standert stikteller en betingst wearden

It is mooglik stikteller en betingstwearden fan eltse invintarislist standert yn te stellen. Om dit te dwaan gie nei "Myn listen" blêdside en klik op it diamant/stjeer ynkoan tichtby in listnamme. Standert tal en betingst kinne ek oanjûn wurde yn de "Listfoarwearden" dy't men fine kin op de ûnderkant fan de "Myn listen" blêdside troch te klikken op de "Set" knop tsjinoer in listnamme. Nei't men dizze wearden ynsteld hat, wurde se automatysk foar alle stikken, dy't jo oan in selekteare ynvintarislist yn in bepaalde kategory tafoegje, brûkt.

FFF (faken frege fragen)

Hoe kin ik myn list mei de listen fan oare sammelers ferlykje?

Brûk de unyke Colnect's Bêste oerienkomsten en Automatyske ferliking tapassing om de bêste sammelers om mei te hanneljen te finen. Jo kinne ek sjen nei de Sammelers ynvintaris listen om sammelers te finen dy't bepaalde stikken ha of ha wolle dêr't jo ferlet fan ha of dy't jo sels ha.

Kin ik grut tal stikken tagelyk markearje?

Premium leden kinne gebrûk meitsje fan Flotte markearing tapassing om in hiel list mei ien klik te markearen.

Kin ik eigen notysje meitsje?

Premium leden ha de mooglikhyd fan it byskriuwen fan in Eigen oantekeningen by objekten.

« Hoe men begjinne kin: Werom is Colnect sa bysûnder? | Hoe men begjinne kin: Kondysje fan in objekt »

As jo noch fragen ha of kommintaar, set it alsteblyft op ús Foarums.