Artikelskoare fan Colnect : Collectors Help and Support

Help › Artikelskoare fan Colnect

Artikelskoare fan Colnect is in unike yndeks dat jo by steat steld om de wearde fan in objekt oan te jaan. De skoare wurd baseare op hoe't leden fan Colnect har eigen sammeling fêstlein ha en wurd automatysk berekkene.

Artikelskoare fan Colnect

Hoe moat men de skoare ynskatte?

Hiel wichtich is it om te letten op it Krektens fan de skoare om te witten hoe weardefol it is foar it spesifike stik dêr't jo nei sjogge. By in soad stikken wurdt net in skoare oanjûn om't net genôch samlers it op har listen markeare ha. As Colnect waakset, sille der foar alle stikken op Colnect in krekter risseltaat komme. De skoare rint tusken de leechste wearde - 0 en de heechste wearde 100. Ferlykje allinich stikken fan itselde slach, sa as ferskillende munten fan ien lân. As dizzen ferskillende skoares ha, hat it eigenskip (ôfhinklik fan it Krektens) dat it stik mei de hegere skoare mear wurdich is.

Hoe wurd de skoare berekkene?

As samlers op Colnect dwaande binne mei de bywurking fan de eigen sammeling, binne se wurkjende oan it meitsjen fan in oersicht fan it oanbod en fraach yn de merk. Prizen wurde fêststeld troch fraach en oanbod en sa giet it ek mei ús skoare. Om der foar te soargjen dat de skoare betrouber is, brûke wy ferskillende metoades. De skoare wurd mooglik om ien of mear wiken oanpast, sadat er net sa flechtich is. Ferskillende leden fan Colnect kinne in swierder gewicht yn it fêststellen fan de skoare ha. Deaktiveare leden ha gjin effekt op de skoare. Nije leden of leden mei minder warberens op Colnct ha minder ynfloed op de skoare as feterane leden mei in bulte warberens op Colnect.

Wêrom wurd der net in konkrete priis oanjûn?

Us unike algoritme kin net in krekte priis fêst stelle om't dit mei tefolle faktoren, dy't foar elts sammelstik hiel útrinnend wêse kin, ôfhinget. Tink oan it folgjende foarbyld 50€ en 5€ bankbiljetten dy't yn Colnect steane. Hje kinne alletwa like faken foarkomme, mar it bankbiljet mei de hegere wearde hat de measte eigenskip om in hegere priis te ha as dyjinge mei de legere wearde. Dizze kondysje fan in stik beynfloedet faken syn priis en de kondysje wurd net yn ús katalogus oanjûn. Tink der ek oer nei dat sels berops dy't in spesifyk stik op wearde ynskatte ta ferskillende wearden fan ien en it selde stik komme kinne.

« It is sa handich: Kom yn de kunde mei samlers | It is sa handich: Nei Colnect linke »

As jo noch fragen ha of kommintaar, set it alsteblyft op ús Foarums.